'Globetrotte’, oftewol wrâldreizgje, wie tusken 1905 en 1935 in bysûnder en kleurryk fenomeen. Wol hûnderten jonge Nederlânske arbeiders begûnen der kuierjend of fytsend oan, bleaunen soms jierren fuort en kamen werom mei de meast fantastyske ferhalen. Mar gienen se ek echt? Under de globetrotters wienen ek wol wat Friezen. Wittenskipssjoernalist Jaco Berveling publisearre der ein oktober in boek oer en beljochtet in tal echte – en net echte – Fryske wrâldkuierders.




