Psychiater Alexander Keijzers fan it MCL sette kultureel antropologe en publykshistoarika Anne-Goaitske Breteler oan it tinken oer fûnemintele ferskillen yn de psyche fan minsken út ‘de stêd’ en dy fan it plattelân. Hy sette mei syn opmerking ‘dêr soe ris in antropolooch nei sjen moatte’ har op it spoar fan har nije boek dat meikoarten útkomt: De laatste dagen van de dorpsgek, in brede stúdzje nei de geastlike sûnens op it plattelân. Dit is it fjirde en lêste part yn ús searje oer de Fryske sûnenssoarch.




