Nei it fuortpompen fan goed fjouwer miljoen liter wetter kaam begjin septimber 2023 súdlik fan Breesândyk in stikje boaiem fan de Iselmar drûch te lizzen en koenen de restanten burgen wurde fan in Britske Lancaster bommewerper dy’t dêr yn juny 1943 delstoarte. De boaiem joech ek stoflike resten fan trije bemanningsleden priis, wêrmei’t it haaddoel fan de fleantúchberging helle waard; lang om let dúdlikens foar de neibesteanden oer it lot fan de bemanning. In rekonstruksje fan dy fatale lêste flecht fan Lancaster ED603 en de berging tachtich jier letter.




