Geesje Poutsma (1849-1917) wie in tige bewûndere sjongster fan lieten en aria’s. As dosint hat se dêrneist in soad bern de leafde foar muzyk bybrocht. Troch har entûsjasme en organisaasjetalint hat se ek meiholpen om it muzyklibben yn Ljouwert ta in gruttere hichte te bringen. Se wie dêrby in tûke sakefrou. Har kapitaal liet se foar it grutste part nei oan it Geesje Poutsma Leen, dat noch altyd jonge froulju stipet dy’t studearje wolle.




