Yn 1949 waard wiidweidich it 750-jierrich bestean fan Frjentsjer fierd. In as ealman Sicco Sjaerdema ferklaaide ynwenner oerlange op it bordes fan it stedhûs plechtich de stedsrjochten oan de magistraten. Sa soe dat ek yn 1192 bard wêze. Hie dat wat mei histoaryske werklikheid te krijen, of hie – lykas ek faak no noch – foaral it no profyt by dizze ynterpretaasje fan it ferline?




