Hycke Botes betocht in krûdedrankje tsjin hûnsdûmens dêr’t yn 1731 de Steaten fan Fryslân it resept fan publisearren. We witte allinnich dat se út Ferwert kaam en in soan hie. Hûnsdûmens wie in probleem, yn Fryslân en op oare plakken yn Europa. Nei publikaasje rikte de rom fan har resept dan ek fier, al wie it fan tydlik aard.




