Dit jier is it twatûzen jier lyn dat de Romeinske histoarikus Plinius de Aldere (23-79 nei Kristus) berne waard. Yn syn Naturalis Historia neamt hy as earste de Friezen (Frisii) en jout er in beskriuwing fan har wengebiet dy’t noch altyd ta de ferbylding sprekt.




