Kofje waard earst fral dronken troch de hegere klasse. It lúkseprodukt kin yn de twadde helte fan de achttjinde en de earste helte fan de njoggentjinde iuw sjoen wurde as in graadmjitter foar wolfeart en feroaring. It gemiddelde ynkommen yn Fryslân wie doe it heechste yn de hiele Republyk, lei it kofjegebrûk dan ek echt heger as op oare plakken?




