Yn de jierren sechtich wie de posysje fan it kristlike part fan Fryslân sa sterk, dat in krante út dat fermidden in boek dat it net oanstie yn de ban dwaan koe. Dat makke skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011) yn 1964 mei doe’t syn roman Fabryk útkaam. Guon fûnen de boykot fan it Friesch Dagblad in skande. Doe’t de roman ek noch de Gysbert Japicxpriis wûn, wie it hielendal mis. Doeke Sijens, dy’t 1 novimber syn Riemersma-biografy Der is neat om glêd te strikenpresintearre, rekonstruearre foar Fryslân de opskuor fan doe.




