In pleats is fanâlds mear as de pleats sels. Der binne bygebouwen lykas stookhutten, koetshuzen en bargehokken. Gauris ferkomme se, de funksje is ferfallen, opknappe is djoer. De Boerderijenstichting hat opsocht wat der noch is, en wol de kennis dêroer ferspriede.




