Yn de simmer fan 1734 wie it ûnrêstich yn de Republyk. Polityk rommele it, der wie in djip wantrouwen tusken grifformearden en katoliken en ekonomysk gie it min. Yn it noarden wie it benammen yn Frjentsjer ûnrêstich, dêr’t in gedichtsje de stêd in simmermoanne yn de besnijing hâlde.




