As der in geunstich momint is om mei plannen foar in iermidsiuwsk Frysk museumdoarp te kommen, dan is it no. Dat bepleitet Han Nijdam, as histoarysk-wittenskiplik adviseur út namme fan de Fryske Akademy belutsen by de plannen om earne yn Fryslân ‘op de grins fan lân en wetter’ histoarysk temapark Magna Frisia te kreëarjen. Dit fertelt it ferhaal fan iermidsiuwsk Frisia. De Fryske keningen, en it begryp Magna Frisia sels, binne nei desennia ôfwêzigens op it paad werom, sa stelt Nijdam. ‘Net allinne as histoaryske figueren, ek as dragers fan in nij kultureel selsbewustwêzen.’




