Unteroffizier Konstantin Benzien wie oant foar koart ien fan de fiiftûzen nammeleaze oarlochsslachtoffers op it Dútske oarlochsbegraafplak yn it Limboarchske Ysselsteyn. Syn fleantúch stoarte op 11 desimber 1943 del op de slachterij fan de famylje Venema yn de buorskip Nijtap by De Pein. It duorre hast tachtich jier foardat syn identiteit tanksij DNA-ûndersyk fêststeld wurde koe. Undersiker Alexander Tuinhout sjocht op de syktocht werom.




