Yn augustus 1962 iepene Maartenswouden yn Drachten, tsien jier letter folge Borneroord yn Beetstersweach. De komst en ûntwikkeling fan dy twa soarchynstellingen toant it Fryske tinken en hanneljen yn de soarch foar minsken mei in swiere ferstanlike beheining, yndertiid ‘djip-swaksinnigen’ neamd. Ein jierren fyftich wie oan dy foarm fan soarch in grut tekoart. Doe’t dy der ien kear wie, moast it al gau wer oars.




