Fryslân wie om 1850-1880 hinne de grutste produsint fan flaaks yn Nederlân. De tylt gie net sasear om it gewaaks sels, mar wie benammen bedoeld as wurkferskaffing. Foar in soad boargerlike en tsjerklike gemeenten wie it dé wize om arbeiders en har húshâldingen de winter troch te helpen. De arbeidsomstannichheden yn de saneamde braakhokken wienen lykwols striemin: lytse, hiel stoffige en net sûne donkere hokken en skuorkes dêr’t arbeiders fan moarns ier oant jûns let wurken. Kreten as ‘swier, net sûn, hoastje, kuchelje, stoflongen, brakerskoarts’ út kontemporêne ferslaggen en literatuer beskriuwe it wurk.




