Froulju fan it Fryske ferset

Yn syn boek Vrouwen van het Friese verzet. Gevecht op vele fronten beskriuwt Hessel de Walle de libbens fan 32 froulju dy’t yn Fryslân belutsen wienen by it ferset tsjin de Dútske besetter yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn de tradisjonele fersetsliteratuer bleau it byld fan har meastentiids beheind ta dat fan de koerierster. De Walle toant oan dat har belutsenheid faak folle fierder gie. Yn Fryslân in foarpublikaasje út dit boek oer ien fan har, de drystmoedige Bouwina Meindertsma (1901-1993).

Mear yn dit nûmer

Lancaster_mrt24
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-2

Burgen ferline

Nei it fuortpompen fan goed fjouwer miljoen liter wetter kaam begjin septimber 2023 súdlik fan Breesândyk in stikje boaiem fan de Iselmar drûch te lizzen en koenen de restanten burgen wurde fan in Britske Lancaster bommewerper dy’t dêr yn juny 1943 delstoarte. De boaiem joech ek stoflike resten fan trije bemanningsleden priis, wêrmei’t it haaddoel fan de fleantúchberging helle waard; lang om let dúdlikens foar de neibesteanden oer it lot fan de bemanning. In rekonstruksje fan dy fatale lêste flecht fan Lancaster ED603 en de berging tachtich jier letter.
Industriestad_mrt24
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-2

Drok, drok Drachten

Boargemaster fan Smellingerlân J.L. Thalen beskreau Drachten yn syn amtsperioade (1956-1960) as ‘Frieslands witte raaf’, wizend nei de ‘unieke levenslust’ fan de Drachtster befolking. Yn 2025 sil it 75 jier lyn wêze dat Philips him yn Drachten fêstige en de grutte sprong foarút fan it doarp begûn, yntusken mei 45.000 ynwenners it twadde plak fan Fryslân. Drachten hat in soad, mar net alles oan Philips te tankjen. Al sûnt it by-inoarkommen fan de twa ‘Dragten’ ein 19de iuw koe it diedkrêft en ûndernimmendheid.
Hepkema_mrt24
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-2

Skotse Trije yn ‘Hitler-lân’

Yme Schuitmaker en Anna van der Minne-Buma, destijds prominenten in de Friese toneel- en cultuurwereld, belandden met het opvoeren van de Friese volksdans Skotse Trije in Duitsland en op Hitlers Olympische Spelen in 1936 in Berlijn. Dit blijkt uit onderzoek in Friese en Duitse archieven. Na terugkomst van zijn rondreis door nazi-Duitsland deed Schuitmaker enthousiast verslag in het Leeuwarder Nieuwsblad, eindigend met een onverholen ‘Deutschland über Alles!’ Het deed de wenkbrauwen fronsen. Over een opmerkelijke reis door ‘Hitler-lân’.