It houlik fan Mietje Hoitsema (yn 1847 berne yn Britsum) en Jan Rutgers )yn 1850 berne yn Hallum) wie earder in saaklike ferbyntenis as ien út leafde, mar tegearre soenen se in grutte bydrage leverje oan maatskiplike feroaringen yn Nederlân. Jan, nei wa’t de Rutgershuzen neamd waarden, as foarfjochter foar it brûken fan antykonsepsje en Mietje as fûl strider foar frouljusrjochten. Doeke Sijens portrettearret it opmerklike pear.




