Gerrit ‘Fûgeltsje’ Bosch (1893-1981) wist alles fan fûgels. Hy wie lykwols net samar in amateur mei in aardige hobby, hy die ek in soad foar de beskerming fan de natuer yn Fryslân. Yn 1923 rjochte er it Natuurmuseum yn Ljouwert op. Hy hat in soad Friezen entûsjast makke foar fûgels, mar yn syn persoanlike libben soarge dy passy foar problemen. Doeke Sijens skriuwt syn grêfstik.




