Drok, drok Drachten – Fan feanplak nei yndustrystêd

(30ste jiergong, nr. 2, maart/april 2024)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Op de cover it Drachtster Lyceum dat al in pear jier pleage wurdt troch bestjoerlike problemen. It krijen fan dizze HBS yn 1919 spile in kaairol yn it foarútgongstinken fan de Drachtsters yn it Ynterbellum en wie de opmaat foar de hurde groei fan Drachten nei de komst fan Philips yn 1950 en de groei nei mear as 40.000 ynwenners. It goede ûnderwiisklimaat yn Drachten, ferwurven mei dy HBS, wie fan belang foar Philips om nei Drachten te gean.
Wy sjogge nei de Twadde Wrâldoarloch, mei in foarpublikaasje út Hessel de Walle syn boek oer de froulju fan it Fryske ferset. Ek it ferhaal fan de bemanning fan de Britske Lancaster bommewerper dy’t yn juny 1943 súdlik fan Breesândyk delstoarte. Mei de fynst fan har stoflike resten waard it haaddoel fan de fleantúchberging yn 2023 berikt. We rekonstruearje har fatale lêste flecht.
Dêrneist in artikel oer hoe’t in Fryske folkloristyske dûnsgroep op Hitler syn Olympyske Spelen yn Berlyn bedarre. En wy steane stil by it grêf fan jonkhear mr. Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga (1869-1946 ), ‘Frysk ealman fan de âlde stimpel’.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

Lêste online nûmers