Lâns it ravyn

(28ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2022)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Jierren nei’t de Republyk yn it Rampjier 1672/73 op in hier nei ferlern gie, reizge de eardere tekstylkeapman Andries Schoemaker de teistere plakken ôf, tekene wat er seach en skreau op wat eachtsjûgen him noch fertelle koenen. Hy besocht ek it Noarden, dat foaral ûnder oanfallen fan de biskoppen fan Münster en Keulen te lijen hie. It is in ynteressant relaas omdat de Rampjierbetinkingen har - net hiel ûnlogysk - foaral op it Sticht en Hollân konsintrearje.
‘Roddel en achterklap’ hâlden stedhâlder Willem Frederik van Nassau út de sliep, dêr tsjûget syn deiboek oer de jierren 1640 fan. De Aylva’s, Van Harens en Eysinga’s fleagen inoar yn it hier yn har striid om eare, besit en banen. Yme Kuiper rekonstruearret it ferhaal fan de weiwurden Jousma State yn Wurdum.
It fjoer fan syn heit Harmen woe by Onno Sytstra mar net ûntflamje. In Fryske Beweger wie er wis, mar hy doarme hieltyd fierder yn in letargysk nimmenslân.

Lêste online nûmers