Fryslân Fryslân bringt yn dizze edysje in portret fan de earste direkteur fan de Coöperatieve Condensfabriek ‘Friesland’ yn Ljouwert, Sietze Hepkema (1884-1963), dé pionier fan de Fryske suveleksport. Hy begûn dy troch tritich Fryske suvelkorporaasjes mei inoar oprjochte topkorporaasje yn 1913, wie wol in boeresoan mar hie noch noait kondinsearre molke sjoen. Troch Hepkema, dy’t de CCF 38 jier late, waard de Fryske boer fan lytsskalich selsfoarsjennend, mondiaal eksportearjend. Yn koöperaasje, wat hiel belangryk foar Hepkema wie. Hy liet by syn dea yn 1963 in sûne mondiale bedriuwstûke nei yn ús provinsje. Mar ‘de Kondens’ moat ticht en in argyf fan 110 jier ûnûnderbrutsen suvelskiednis yn de kelder fan de CCF stiet faaiHaadredakteur fan Fryslân Herman Broers ropt op ta beskerming.
In dit nummer verder een special over de stormvloed van 3-5 februari 1825, die name Friesland en Overijssel trof. Deze grootste natuurramp van de negentiende eeuw in ons land zijn we door de jaren heen vergeten. Tot nu, 200 jaar later, we op grote schaal de ramp herdenken. In deze Fryslân dogge we dat mei trije artikels, fan Jan Dirk Wassenaar, Alice Booij en Klaas Zandberg, oer inkelde spesifike kanten fan dizze fergetten wettersneedramp.
It Keninklik Frysk Genoatskip (KFG) bestiet yn 2027 200 jier en bringt dêrom in jubileumboek út mei biografyen fan 200 Fryske froulju dy’t libben tusken 1827 en 2027. Fryslân bringt fan dizze simmer ôf foarútrinnend dêrop in searje fan tsien frouljusportretten. Hoewol gjin ûnderdiel fan dy searje, stiet de namme fan de yn Drachten berne Ytsje Kooistra (1861-1923) wol op dy list mei 200 Fryske froulju. By har grêf beljochtsje we yn dit nûmer har libben en wurk as ien fan de belangrykste Nederlânske ûnderwiispioniers. Se wegere om ûnderskied te meitsjen tusken de opfieding fan jonges en famkes en hie it as earste yn Nederlân yn wittenskiplike sin oer de term ‘puberteit’.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.

