Yn de streek tusken De Knipe en Jobbegea fûnen yn de Twadde Wrâldoarloch in opfallend soad ûnderdûkers in relatyf feilich hinnekommen. Belangrykste skeakel yn it netwurk fan fersetsminsken yn dizze gefaarlike ûndernimming wie gernier Hendrik Marcus de Jong, bynamme Hare Majesteit.




