Spanjaardslaan en Noordersingel hawwe in yntrigearjende skiednis. Ien dy’t begûn mei de Tachtichjierrige Oarloch. Mei de oanlis fan parken waard dizze westrâne fan Ljouwert yn de 19de en 20ste iuw in favoryt wenplak foar rintenierjende boeren, doktoaren en bankdirekteuren. Dy hienen wol wat sinten oer foar in fraaie filla.




