Twahûndert jier lyn ferskynde De lape koer fen Gabe Skroor fan de bruorren Halbertsma. Begûn as tin boekje, wurdt it dochs sjoen as mylpeal yn de ûntjouwing fan it Frysk as literêre taal. It is mar de fraach of de Halbertsma’s dat foar eagen hiene. Yn elts gefal wie it wat folslein nijs, dizze Lapekoer.




