Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch komt in berteweach op gong dy’t ek yn Fryslân jonge âlden yn har faak suterige wenomstannichheden foar problemen stelt. Boppedat feroarje de ynsichten. Om de babyboom ek op it plattelân yn goede banen liede te kinnen, iepenje lytse kliniken yn doarpen. De lytste is fan 1948 oant 1951 fêstige yn Boyl (Weststellingwerf) en wurdt fersoarge troch ferpleechkundige Trijntje Donker-de Graaf. Har memoires en in pasjintelist sketse in learsum tiidsbyld.



