Jantsje Terpstra (1876-1941), dy’t publisearre ûnder de skûlnamme Madzy, makke oan it begjin fan de foarige iuw namme as skriuwer fan fersen en reisferhalen. De Fryske Beweging wie tige mei har wurk op it skik, as foarbyld foar oare jonge skriuwers. Mar nei in pear jier ferfear Madzy nei it fiere bûtenlân, skreau gjin Frysk mear en waard fergetten.




