Frou as statusdrager

(27ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Foar de adel is status in foarname soarch, hat altyd sa west, mei in lang ûnderbeljochte rol fan de frou. Faak wurdt tocht oan keunstfoarwerpen as skilderijen en sulver, mar fan like grut belang wie it linnenguod fan de aadllike frou. It is in amper ûndersochte wize fan sjen nei status. Sa’t de skriuwers fan ús artikel dêroer, Sanny de Zoete en Yme Kuiper, it skriuwe: Wat riker de âlden, wat heger de steapels yn de linnenkast. Yn de rin fan de 17de iuw ferskine tafellekkens fan damast, in yngewikkeld ambacht en dêrom populêr by de elite. Dekema State krige fan de Ottema-Kingma Stichting in damasten tafellekken yn brûklien, dat makke is yn opdracht fan de skoansusters Lucia van Eysinga en Lucia van Meckema.
Dit jier wurdt keunstner Jentsje Popma hûndert. Doeke Sijens beljochtet in pear fan syn histoaryske skulptueren, plus Popma syn soms fûle ferdigening fan ‘ús’ keunstners.
Resultaat fan iverich argyfûndersyk is it artikel fan Gerard Mast oer de Broekster swannekrite. Hoe stekt dat rjocht yn elkoar, wêr rûnen de grinzen?

Lêste online nûmers