Net alle Molukkers binne kristen. Der is in moslim-minderheid dy’t nei har respektleaze opfang troch Nederlân ferspraat wurdt. Uteinlik kinne se wenje yn Gaasterlân, yn kamp Wyldemerk. Har skiednis is fersleauke, lykas fan wol mear nijkommers. In pleit foar in nij kanonfinster foar dizze groepen, op grûn fan Wyldemerk-foaroanman Achmed Tan.




