36504kneppel
Yn dit nûmer: Fryslân 2021-6

Kneppelfreed

In molkboer, in feedokter, en foaral Friese Koerier-haadredakteur Fedde Schurer belânje yn 1951 yn opskuor oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank. Rjochter Wolthers krijt it leksum opsein troch Schurer. Der folgje ûngeregeldheden op it Saailân. In oersjoch fan wat barde.
Yn e beage
Yn dit nûmer: Fryslân 2021-6

Yn ‘e beage

Op De Gordyk, oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart, stiet Schippersgezin. It keunstwurk byldet it hurde bestean fan binnenfeartskippers út, yn ’e beage slepe se muoisum har fracht fierder. Yn it Zuiderzeemuseum hinget it ymposante skilderij In het jaagtouw fan Anton Smeerdijk mei itselde motyf, lange tiid sa kenmerkend foar Fryslân.
Fam (20)
Yn dit nûmer: Fryslân 2021-6

Moslims yn Gaasterlân

Net alle Molukkers binne kristen. Der is in moslim-minderheid dy’t nei har respektleaze opfang troch Nederlân ferspraat wurdt. Uteinlik kinne se wenje yn Gaasterlân, yn kamp Wyldemerk. Har skiednis is fersleauke, lykas fan wol mear nijkommers. In pleit foar in nij kanonfinster foar dizze groepen, op grûn fan Wyldemerk-foaroanman Achmed Tan.
09-00095stal
Yn dit nûmer: Fryslân 2021-6

Doelmjittiger buorkje

Taylorisme hjit it stribjen dat de Fryske lânbou opstowe moat nei folle effisjintere wurkmetoaden. It moat planmjittiger, en masinaler. Der wurde organisaasjes optúgd om de boeren it nije wurkjen oan te learen. Dat moat wol om de needsaaklike skaalfergrutting bolwurkje te kinnen.