Hoe kin in út Súd-Amearika kommende knol yn de Lege Lannen yn de achttjinde en njoggentjinde iuw liede ta in enoarme befolkingsgroei? Allinnich al yn Fryslân ferdûbele de befolking yn hast hûndert jier tiid. In hege fiedingswearde, in relatyf grutte opbringst de bunder en in ein oan it tekoart oan iten by strange winters spilen in sterke rol. Oant it misgie mei dyselde ierappel.




