Kofje drinke is in graadmjitter foar wolfeart yn de achttjinde en njoggentjinde iuw, sa beskreaunen we yn Fryslân 4-25. Wa’t it net betelje koe, beskikte oer sûkerei. It die bliken dat de brânde woartels fan de sûkereiplant op de smaak fan kofje like. Kweek en ferwurking dêrfan waard in grutte yndustry. De sosjale skiednis fan in bysûndere plant.




