Begjin 16de iuw wie Harns net folle mear as in fiskersbuertsje. Mar it hie in sterke basis foar spektakulêre groei: grûnstoffen deunby foar ‘nijverheid’, in militêr-strategysk sterke lizzing en in tichtbefolke achterlân. Dat makke Harns om 1600 hinne oant de twadde stêd fan Fryslân.




