It measte Fryske boerelân wurdt pachte. Dat makket de boer ôfhinklik fan de kluchten fan de eigener, faak tsjerkfâden, fersekerders en rike partikulieren. It duorre desennia foardat fan de oerheid in bettere rjochtsbeskerming kaam. Dêryn spile de Bond van Landpachters, in iuw âld, in sterke rol.




