De swerftocht fan in boek

Ta de âldste stikken yn de biblioteek fan it Hôf fan Fryslân, dy’t op 5 maart troch it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert oerdroegen waard oan Tresoar, hearre de ‘ynkunabelen’. Dat binne boeken út de earste generaasje printwurk [ca. 1450-1501]. Anne Tjerk Popkema ûndersocht de yn 2023 opdûkte achtste ynkunabel, Expositiones sive Declarationes út 1491, skreaun troch jurist Haring Sjoerds Sinnama út Heech en beskriuwt de bysûndere reis, dy’t it boek troch de tiid makke. Expositiones sive Declarationes uit 1491, geschreven door jurist Haring Sjoerds Sinnama uit Heeg en beschrijft de bijzondere reis, die het boek door de tijd maakte.

 

Mear yn dit nûmer

Wouda gemaal_mei25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-3

It iuwenâlde Fryske polderideaal

De stoarmfloed fan 1825 fuorre it ferlet fan in sterkere seewarring en better wetterbehear yn Fryslân. It provinsjebestjoer bemuoide him nei de ramp mear mei de rin fan it wetter en seach de oplossing benammen yn it ynpolderjen fan ûnbedike lân. Dy ambysje libbe al sterk yn de achttjinde iuw. Goed 100.000 bunder lân waard bedike, al soe wetter de duchtichste fijân fan Fryslân bliuwe. Mark Raat skriuwt oer it iuwenâlde Fryske polderideaal en de lokaasje dy’t as mylpeal dizze ambysje symbolisearret: it Ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer.
vroedvrouwen in crisisjaren_mei25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-3

Fryske froedfroulju yn de krisisjierren

Oant fier yn de njoggentjinde iuw begelaten froedfroulju yn Nederlân hast alle befallingen, oant se fan 1900 ôf konkurrinsje krigen fan dokters. Hieltyd mear froedfrouljuspraktiken ferdwûnen, oant fan 1970 ôf har beropsperspektiven wer geunstiger waarden. Minie Baron beljochtet trije froedfroulju – tsjintwurdich ferloskundigen neamd – dy’t tsjin de delgeande trend yn har praktiken yn 1934 yn Fryslân begûnen: Antje Velde, Jetske Steen-de Jong en Jacobine Jensen, in útsûnderlike lichting froedfroulju yn de krisisjierren yn Fryslân.
Magna Frisia_mei25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-3

Pleit foar iermidsiuwsk Frysk museumdoarp

As der in geunstich momint is om mei plannen foar in iermidsiuwsk Frysk museumdoarp te kommen, dan is it no. Dat bepleitet Han Nijdam, as histoarysk-wittenskiplik adviseur út namme fan de Fryske Akademy belutsen by de plannen om earne yn Fryslân ‘op de grins fan lân en wetter’ histoarysk temapark Magna Frisia te kreëarjen. Dit fertelt it ferhaal fan iermidsiuwsk Frisia. De Fryske keningen, en it begryp Magna Frisia sels, binne nei desennia ôfwêzigens op it paad werom, sa stelt Nijdam. ‘Net allinne as histoaryske figueren, ek as dragers fan in nij kultureel selsbewustwêzen.’