Taylorisme hjit it stribjen dat de Fryske lânbou opstowe moat nei folle effisjintere wurkmetoaden. It moat planmjittiger, en masinaler. Der wurde organisaasjes optúgd om de boeren it nije wurkjen oan te learen. Dat moat wol om de needsaaklike skaalfergrutting bolwurkje te kinnen.




