Dreambyld fan Fryslân

Assien Bohmers is een hoogst eigenaardige figuur uit de archeologie. Hij kwam van Zutphen, met Duitse voorouders, maar voelde zich tot in het ridicule Fries. Mogelijk wilde hij daarmee tegenover de Duitse bezetter posities verwerven in de archeologische wetenschap. Dat lukte, en hij bouwde een naam op, vooral bij de Ahnenerbe, maar zal altijd met nazi-sympathieën worden geassocieerd.

Dit is in artikel út nûmer 4. Acht moannen nei ferskining komt it nûmer online beskikber.

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2020-4

Rôf mei in sturtsje

Yn desimber 1703 rûn in Ingelsk skip fêst op it strân fan it letter ferdwûne West-Flylân. De befolking stoarte him op de rike lading, mei goud, sulver en diamanten. Dit wie gjin bútsykjen mear, dit wie rôvjen. It Hof van Holland ûndersocht de saak, dy’t gie om it besit fan in wichtige Dútske fjildmaarskalk. De ferhoaren fan de swijsume befolking binne no bekend.
Yn dit nûmer: Fryslân 2020-4

It gea fan Sterke Hearke

Wytse Sikkema, oarspronklik fan it Bouwekleaster, hat yn it ramt fan syn stúdzje lânskipsskiednis ûndersyk dien nei de toponimen fan syn berteplak, Bouwekleaster. Dit Buweklooster of Bomkleaster is yn de 13de iuw stifte troch in Buwe (fan De Harkema). It (fean)gebiet dat derby hearde, wie grut en rûn fan flak ûnder Lytsepost by de Ald Ried yn it noarden oant De Rottefalle yn it suden.
Yn dit nûmer: Fryslân 2020-4

It Easten ropt

Tusken de kloften yn 1945 troch Europa omdwalende minsken wie de 27-jierrige boeresoan Jan Pieter Haisma fan Burgum. Ien fan de hûnderten Friezen dy't entûsjast begûn wie oan it aventoer fan ‘Oostkolonisatie’, mar nei de desepsje ferdwaasd syn libben rêde moast. Wêrom sochten safolle Friezen it aventoer op de Russyske steppen?