De deftige hearen fan it Fries Genootschap woenen net neist him sitte: Knjillis Salverda stonk, koe gjin himmele húshâlding ûnderhâlde en der wie gjin sprake fan dat hy kâns makke om lid fan it Genootschap te wurden. Salverda studearre yn Frjentsjer en waard skoalmaster yn Wûns, dêr’t hy net mear weikaam. Skande, fûnen syn freonen, want syn skriuwen setten sy tige heech.
Dit is in artikel út nûmer 5. Acht moannen nei ferskining komt it nûmer online beskikber.