Kulinêre prestaasjes spilen in grutte rol yn de statuer fan it Stadhouderlijk Hof yn de 17de en de 18de iuw. Ien persoan falt dêrby op, de Frânske topkok Vincent La Chapelle. Hy fergrutte it prestiizje fan steedhâlder Willem IV mei syn itensiederskeunsten, skreau twa ferneamde itensiedersboeken en ûntwikkele sels in tal ‘Fryske’ resepten. Om noch mar te swijen fan syn rol yn de tolve jier duorjende ûnderhannelingen oer in houlik mei de Ingelske prinses Anna van Hannover.




