Hoewol’t je der yn in tsjerke meastal oerhinne rinne, binne grêfstiennen primêre boarnen. Se toane benammen hoe’t de ferstoarnen yn it libben stien hienen en hoe’t se dat der oan har weromtocht wurde soe. Fryslân is bysûnder ryk oan prestizjeuze grêfstiennen, sa skriuwt Trudi Brink, dy’t der by de Fryske Akademy promoasjeûndersyk nei docht.




