De Reformaasje hie enoarme gefolgen foar midsiuwske tsjerkegebouwen, ek yn Fryslân. Ynterieurs waarden ‘suvere’ fan ûnderdielen dêr’t grifformearden argewaasje fan hienen. Jan Dirk Wassenaar en Marco Blokhuis publisearren Het kerkinterieur op de schop. Wassenaar skriuwt oer de fraach wêr’t yn Fryslân noch religieus erfgoed fan foar de suvering te finen is.




