Op 1 juny 1620 kamen trije manlju nei it Hôf yn Ljouwert, in dei nei it ferstjerren fan de stedhâlder. Willem Loadewyk, Us Heit, hie de oerhaal fan in wike earder net oerlibbe. De troch Maurits stjoerde, ferneamde, dokter Bontius koe neat mear dwaan. No kaam it oan op de obduksje, it snijen yn it lichem fan de greef. Hoe ha de trije manlju dat belibbe?
Dit is in artikel út nûmer 5. Acht moannen nei ferskining komt it nûmer online beskikber.




