Iuwenlang wie it in riedsel hoe’t Nederlanners yn de 16de en 17de iuw safolle flugger en goedkeaper as op oare plakken skippen bouwe koenen. Yn Harns is oan de hân fan in pear boarnen it plan opfette sa’n skip nei te bouwen. De inisjator, Gerald de Weerdt, fertelt hoe’t dat yn syn wurk gie en lûkt konklúzjes oer syn foargongers.




