Yn de 17de iuw hechtet de Fryske adel noch sterk oan foarâlderlik besit, mei in state, pachtbuorkerijen en lân. In twadde skaaimerk is de op besitsbehâld rjochte houlikspolityk. Dat liedt binnen de dochs al beheinde groep ta in soad spul. De Donia's fan Hinnema State binne dêrfan eksponinten.
