Ien fan de bêste skippen dy’t ‘Eeltsjebaas’ Holtrop boude, wie de boeier de Sperwer. De opdrachtjouwer, Carl Jurrjens, wûn der in soad prizen mei. Yn de jierren tritich kaam it skipke yn hannen fan de Britske avonturier Merlin Minshall. Syn tochten troch Europa binne foer foar in filmskript.




