Oan de start fan Fryslân as eksportearjende suvelprovinsje kinst ien namme ferbine: Sietze Hepkema (1884-1963), earste direkteur fan it Coöperatieve Condensfabriek ‘Friesland’ yn Ljouwert. Ofrûne novimber kundige FrieslandCampina oan de kondinsearre molkproduksje yn Ljouwert te sluten. Dêrmei ferliest it konsern nei goed 110 jier de ferbining mei de oarsprong fan syn sukses. In portret fan Sietze Hepkema, dy’t de Fryske boer learde hoe’t je molke eksportearje.




