Yn 1895 wie in nasjonale aksje foar wurkferskaffing, omdat it min mei Fryslân gie. De lânboukrisis en de delgong fan de feanterij brochten grutte earmoede. By de aksje yn Haskerlân, Ængwirden en Skoatterlân wienen Jan Hendriks Pasma fan Haskerdiken en Hantje Frânzes Pasma fan Nijbrêge belutsen.




