Fan Frysk museumdoarp tot Fryske froedfroulju yn de krisisjierren

(31ste jaargang, nr. 3, mei/juni 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân dûkt yn de plannen foar in iermidsiuwsk Frysk museumdoarp. It tij dêrfoar is no geunstich, sa bepleitet Han Nijdam, histoarysk-wittenskiplik adviseur út namme fan de Fryske Akademy. It temapark Magna Frisia fertelt it ferhaal fan iermidsiuwsk Frisia, dat neffens Nijdam nei desennia ôfwêzigens op it paad werom is as drager fan in nij kultureel selsbewustwêzen.
De stoarmfloed fan 1825 fuorre it ferlet fan in sterkere seewarring en better wetterbehear yn Fryslân. It provinsjebestjoer bemuoide him dermei en seach de oplossing benammen yn it ynpolderjen fan ûnbedike lân, in ambysje dy't al sterk libbe yn de achttjinde iuw. Goed 100.000 bunder lân waard bedike. Mark Raat skriuwt oer it iuwenâlde Fryske polderideaal en de lokaasje dy't dizze ambysje symbolisearret: it Woudagemaal op De Lemmer.
Ta de âldste stikken yn de biblioteek fan it Hôf fan Fryslân, okkerdeis oerdroegen oan Tresoar, hearre de ‘ynkunabelen’, boeken út de earste generaasje printwurk [ca. 1450-1501]. Anne Tjerk Popkema ûndersocht de yn 2023 opdûkte achtste ynkunabel, Expositiones sive Declarationes út 1491, skreaun troch jurist Haring Sjoerds Sinnama út Heech, en beskriuwt de bysûndere reis dy't it boek troch de tiid makke. Expositiones sive Declarationes uit 1491, geschreven door jurist Haring Sjoerds Sinnama uit Heeg, en beschrijft de bijzondere reis die het boek maakte door de tijd.
Oant fier yn de njoggentjinde iuw begelaten froedfroulju yn Nederlân hast alle befallingen. Fan 1900 ôf krigen se hieltyd mear konkurrinsje fan dokters, oant fan 1970 ôf har beropsperspektiven wer geunstiger waarden. Minie Baron beljochtet trije froedfroulju – tsjintwurdich ferloskundigen neamd – dy’t tsjin de delgeande trend yn har praktiken yn 1934 yn Fryslân begûnen: Antje Velde, Jetske Steen-de Jong en Jacobine Jensen.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

Lêste online nûmers