De lêste Fryske wolf

(31ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

‘Citizen science’, ofwol ‘boargerwittenskip’, de bydrage fan net-akademisy oan wittenskiplik ûndersyk, moat by de Fryske Akademy in ympuls krije. De bydrage fan ‘sneupers’ oan de aktiviteiten fan it ûndersyksynstitút hat sûnt de start derfan yn de jierren tritich fan de foarige iuw altyd grut west. Dat jildt trouwens ek foar de ynhâld fan Fryslân. Ek ‘ús’ auteurs foarmje in prachtige miks fan histoarisy, histoarysk sjoernalisten en de sprekwurdlike (doarps)ûndersikers mei in sûne ôfwiking en in feardige pinne. It KFG, goed hûndert jier âlder as de Fryske Akademy, idem dito. Wittenskiplik ûndersyk yn Fryslân kin net sûnder de leafhawwers.

De ‘wurkferbannen’ fan de Fryske Akademy binne passende moetingssintra yn de miks derfan, al is it iene ferbân aktiver as it oare. Fergrizing is in algemien skaaimerk fan de ferbannen en dit gebrek oan jonge ynstream foarmet in hieltyd serieuzere bedriging foar fûneminten fan ús allegear. Us nijste redaksjelid Jantine van der West fiert it ‘citizen science’-programma by de Fryske Akademy út en ljochtet de ambysjes yn dizze edysje ta.

Wylst de wolf nei iuwenlange ôfwêzichheid weromkaam is yn Fryslân, sykje wy nei de lêste Fryske wolf dy’t sketten waard. Dat wie yn 1712 by Aldeholtpea, sa docht bliken út ús iepeningsartikel. Fierder bringe we de tredde en lêste ôflevering fan ús trijelûk oer portretskilder Wybrand de Geest. Wy sjogge nei syn netwurk, de Fryske high-society fan de santjinde iuw, en hoe’t De Geest dat by syn libben opbouwe koe.

In swarte betsjinner, ek foar de Fryske elite wie dat blykber oait in statussymboal. Dat sjogge je net allinnich oan in 17de-iuwsk skilderij ôfkomstich út it Stedhâlderlik Hôf, mar ek hûndert jier letter noch yn de húshâlding fan de grytman fan Frjentsjerteradiel yn Doanjum.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

 

Lêste online nûmers