Der is gjin inkelde Fryske boarne dy't konkrete ynformaasje jout oer de ynfallen fan de 'Vikingen' (op syn Frysk: Wytsingen) yn de Fryske lannen. Dêr stiet lykwols foaroer dat guon âldere Aldfryske rjochtsteksten ús in sprekkend byld jouwe fan hoe't de Wytsingen yn letter tiid fuortlibben yn it kollektive ûnthâld fan de Friezen.




