De Molukkers fan kamp Wyldemerk

(27ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Dit jier binne de Molukkers nochal yn it nijs. Net altyd like posityf, mar dêr binne grûndearre histoaryske redenen foar. Hjirhinne helle, ôftanke en yn in hoeke smiten, sa fiele Molukkers har behannele. Fryslân hie doe trije, letter fjouwer, Molukske wenoarden, wêrûnder de Wyldemerk by Harich. Hjir setten har nei opskuor earne oars de moslim-Molukkers nei wenjen, ûnder besieljende ûnder lieding fan Achmed Tan. Jan van Zijverden beskriuwt syn ferhaal en pleitet foar in kanonfinster oer nijkommers nei Fryslân oan de hân fan Tan. No dogge yn Gaasterlân inkeld in beam, in fiver en in trafohúske oan dizze bloeiende wenoarde tinken. De moskee docht tsjinst as hobbyhok yn Haskerhoarne.
Net te missen dizze moanne is de betinking fan Kneppelfreed. Atte Jongstra set foar ús de foarfallen noch in kear op in rychje.
De faaks koppichste Fryske politikus dy’t Fryslân kend hat, wie Coert van Beyma. Jan Postma neamt syn dwersichheden op.
Ronald Plantinga die promoasjeûndersyk nei it saneamde taylorisme yn de Fryske lânbou en fettet it koart gear.

Lêste online nûmers